Oer dizze website

De website www.mozilla.org is al mear as twa desennia online. Dat is sûnt dinosaurustiden yn ynternetjierren. As sadanich is www.mozilla.org in hoekstien fan it web, mei woartels yn de iepenboarnebeweging dy’t tsjûge wie fan de oprjochting fan Mozilla.

Tsjintwurdich is dit de website dêr’t minsken mear ynfo oer Mozilla fine en Mozilla VPN probearje. Jo kinne ûnderweis ek in pear ‘easter eggs’ ûntdekke.

Lykas in protte fan ús produkten is dizze webside ek iepenboarne:

Kolofon

Inkelde iepenboarne-projekten dy’t brûkt binne by it meitsjen fan dizze website:

  • Django as back-end-webframework, mei Jinja foar sjabloanen.
  • Mozilla’s ûntwerpsysteem Protokol foar front-end-komponinten en branding.
  • Mozilla’s lokalisaasjesysteem Fluent foar oersettingen.
  • In protte oare lytsere biblioteken en frameworks, dy’t jo fine kinne yn ús GitHub-repo.

Wy tankje alle Mozilla-meiwurkers dy’t holpen hawwe om it web in better plak te meitsjen.