Hoewol in Chromebook al mei Chrome levere wurdt, biedt it downloaden en brûken fan Firefox as jo standertbrowser jo de folgjende foardielen:
Wy soene wolle dat it ienfâldiger wie, mar jo Chromebook wol jo graach yn it ekosysteem fan Google Play hâlde. Wy tinke echter dat it de muoite wurdich is om de Firefox-browser op jo Chromebook te ynstallearjen – en wy hawwe helpboarnen om jo te helpen as jo dêr behoefte oan hawwe. Der binne twa manieren om Firefox op jo apparaat te downloaden.
Ynstallearje Firefox út de Google Play Store: op nijere ferzjes fan Chrome OS (x86-basearre Chromebook op Chrome OS 80 of heger) hawwe jo de opsje om de app Firefox foar Android te ynstallearjen. Dizze app is ûntwikkele foar mobile apparaten.
Ynstallearje Firefox as in Linux-app: dizze rûte freget wat mear stappen, mar dy binne it wurdich. As jo de Firefox-browser as in Linux-app ynstallearje, ûntfange jo de Firefox-desktopbrowser en alle foardielen dy’t dizze hat, wêrûnder Ferbettere beskerming tsjin folgjen, in ynboude wachtwurdbehearder, tagong ta tûzenen add-ons (wêrûnder de UBlock Origin-advertinsjeblokkearder) en tema’s om it uterlik fan jo browser oan te passen. Mear ynfo oer it ynstallearjen fan de Firefox-desktopbrowser foar Chromebook.