Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Firefox fs Google Chrome

De standert privacyynstellingen fan Firefox binne folle sterker as dy fan Chrome – en wy hawwe ekstra funksjes om foar te kommen dat websiden jo folgje, lykas fingerprintblokkearring, en jo kar fan add-ons foar advertinsjeblokkering.

Wy blokkearje trackers standert. Chrome net.

Chrome folget standert hokker websites jo besykje en wat jo dogge, sadat it ‘advertinsje-ûnderwerpen’ identifisearje kin om jo mear rjochte advertinsjes te stjoeren. Jo kinne trije ûnderwerpen blokkearje, mar jo kinne se net stopje mei it identifisearjen fan oare advertinsje-ûnderwerpen foar jo. boarne

Chrome lit oare websites ynformaasje oer jo sammelje, sadat se advertinsjes foarstelle kinne. Jo kinne spesifike websites blokkearje om advertinsjes te suggerearjen, mar jo kinne de gegevenssamling of suggestjes fan oare siden net stopje. boarne

Google rint it grutste advertinsjenetwurk fan de wrâld, en Chrome is dêr ûnderdiel fan.

Omdat wy oandielhâlders net lokkich hoege te meitsjen, kinne wy ús rjochtsje op it lokkich meitsjen fan jo en altyd jo privacy en gemak foarop sette.

Oerstappe is ienfâldich

Oerstappe nei Firefox is maklik en fluch – ymportearje jo Chrome-blêdwizers, jo wachtwurden, skiednis en foarkarren mei ien klik en wês daliks klear om Firefox te brûken. Untdek hoe’t jo fan Chrome nei Firefox oerstappe.