Firefox-priveenavigaasjemodus
As jo in kompjûter diele mei oare minsken of as jo beheine wolle hoefolle gegevens websites oer jo sammelje, kinne jo priveenavigaasjemodus brûke yn Firefox. Priveenavigaasje wisket de digitale spoaren dy’t jo efterlitte as jo online sneupe. Tink oan se as fuotprinten troch de bosk.
Wat docht priveenavigaasje?
Priveenavigaasjemodus iepenet in nij browserfinster. As jo it lêste priveefinster slute, wurdt jo navigaasjeskiednis en alle folchcookies fan websites dy’t jo besocht hawwe wiske. Firefox Pro-tip: Ferjit net alle priveenavigaasjefinsters te sluten as jo klear binne!
Wat priveenavigaasje net docht
Priveenavigaasje smyt gjin nije blêdwizers dy’t jo meitsje fan in priveenavigaasjefinster út fuort, en beskermet jo ek net tsjin malware of firussen. It ferhinderet ek net dat de websites dy’t jo besykje sjen kinne wêr’t jo fysyk binne of dat jo ynternetprovider registrearje kin wat jo dogge. Dêrfoar hawwe jo in betroubere VPN nedich.
Fergelykje priveenavigaasje fan Firefox mei de ynkognitomodus fan Chrome.