Nijste Firefox-funksjes
-
Ferminderje de rûs
Blokkearje advertinsjes en ferbetterje jo privacy mei oanpasbere ynstellingen en in hiele protte downloadbere útwreidingen.
-
Multitaske?
Skeakel oer nei de lêsmodus, besjoch fideo’s en organisearje jo browser mei fertikale ljepblêden en ljepblêdgroepen.
-
Hâld al jo ljepblêden yn de gaten
Slút dûbele ljepblêden, set iepen ljepblêden fêst en sykje der trochhinne – der binne hast ûneinige mooglikheden foar it hast ûneinige oantal ljepblêden dat jo iepen hawwe.
Download de browser dy’t jo helpt de put dien te krijen
Blokkearje advertinsjetrackers sûnder in finger út te stekken
Advertinsjetrackers meitsje dat websiden stadiger lade. Mei Firefox hoege jo net yn ynstellingen te sykjen om dat op te lossen, omdat wy de measte trackers automatysk blokkearje.
Swar ôfliedingen ôf
Bliuw fokust mei útwreidingen lykas Tomato Clock en Turn Off the Lights - se wurde oanrekommandearre, wat ús gouden stjer is foar útsûnderlike feiligens en funksjonaliteit.
Jo saken, op al jo skermen
Download Firefox mobyl, sadat jo wachtwurden, ljepblêden en skiednis – en de privacy en befeiliging wêr’t jo op fertrouwe – oeral mei jo meigiet.
Meitsje it *echt* fan jo
-
Wurkje tûker, spylje hurder
Ferken de mooglikheden foar ûndersyk, winkeljen en mear yn útwreidingen.
-
Oant sjen, saaie browser
It ynternet kin in moai plak wêze, mei it krekte tema-add-on.
Al mear as 20 jier frij fan miljardêrs
Firefox waard yn 2004 makke troch Mozilla as in rapper, mear privee en oanpasber alternatyf foar browsers lykas Internet Explorer. Tsjintwurdich binne wy noch altyd sûnder winsteachmerk, noch altyd net eigendom fan miljardêrs en noch altyd wurkje wy om it ynternet better te meitsjen – en de tiid dy’t jo deroan besteegje.