Mozilla VPN

Funksjes dy’t jo libben online beskermje

Handich

  • Mear as 500 servers yn mear as 30 lannen

    Besjoch ús list mei servers.

  • Ferbyn maksimaal 5 apparaten

    Stipe op de bestjoeringssystemen Windows, macOS, Android, iOS en Linux.

  • Gjin bânbreedtebeheiningen of throttling

    Wêrûnder gjin datalimyt of snelheidslimyt.

  • Hege netwurksnelheden, sels wylst it gamen

    Mozilla VPN brûkt Wireguard™, ien fan de best prestearjende VPN-protokollen.

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Feilich

  • Foarkom dat advertearders harren op jo rjochtsje

    Mozilla VPN helpt jo advertinsjes en advertinsjetrackers automatysk te blokkearjen, sadat se jo online aktiviteit net sjen kinne.

  • Fersiferje al jo ynternetferkear

    Mozilla VPN beskermet alle apps op jo apparaat, net allinnich jo browser.

  • Sterker beskerming tsjin malware

    Mozilla VPN foarkomt dat jo malware fan bekende ûnfeilige boarnen downloade.

  • Superpriveemodus: ferkear troch twa lokaasjes liede

    Us multi-hop-funksje jout jo in ekstra befeiligingsboost.

  • Stipe foar oanpaste DNS

    Mei Mozilla VPN kinne jo jo ferkear beskermje en jo DNS-fersiken dochs fia de rûte fan jo foarkar liede. Mear ynfo oer stipe foar oanpaste DNS.

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Fleksibel

Websitespesifike VPN-ynstellingen, naadleas yntegrearre yn Firefox

Mei de Mozilla VPN-útwreiding foar Firefox (allinnich Windows), kinne jo jo VPN-ûnderfining per website optimalisearje. Slút yndividuele websites fan VPN-beskerming út of stel foarkarserverlokaasjes yn foar spesifike websites, wêrtroch jo in fleksibeler en personalisearre ûnderfining krije.

Personalisearre oanrekommandaasjes foar serverlokaasjes

Wy sille foarstelle hokker servers by jo yn de buert soargje foar de rapste, meast betroubere ynternetferbining.

Personalisearje hokker apps VPN-beskerming krije

Slút apps maklik út fan VPN-beskerming – it is net nedich om jo apparaat los te keppeljen fan Mozilla VPN. Beskikber yn Windows-, Android- en Linux-apparaten.

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Betrouber

  • 30-dagen-jildweromgarânsje

    Plus 24/7 klantstipe.

  • Wy logge, folgje of diele jo netwurkgegevens nea

    Simpelwei, wy sammelje gjin persoanlike navigaasjegegevens. Dit is ús maklik te lêzen privacybelied.

  • Transparant boud yn iepen boarne

    Mozilla VPN is makke mei iepenboarnekoade, wat betsjut dat alle koade iepenbier tagonklik is. Sjoch ús GitHub repository.

  • Beoardiele troch eksterne befeiligingseksperts

    Wy binne audit troch Cure53, in liedend auditburo foar cyberbefeiliging. Sjoch it rapport hjir.

  • Minsken boppe winst

    Wy wurde stipe troch de Mozilla Foundation, in non-profitorganisaasje dy’t striid om it web foar alle minsken iepen en sûn te hâlden.